Weening 6e yn Romandië

01 maaie 2011 - 15:36
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening is snein yn de Ronde fan Romandië as sechde en bêste Nederlanner einige yn it einklassemint. De Australiër Cadel Evans wûn de fiifdaagse koers yn Switserlân. De Harrekyt ried sterk yn de bergen en nei de tiidrit fan sneon, klom er nei plak seis. Fanwege in massasprint yn Genève koe Weening dat plak behâlde.

Lieuwe Westra siet snein yn it begjin fan de etappe noch yn in kopgroep, mar hy waard ynrekkene troch it peleton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)