Weening 63ste yn earste etappe

05 jul 2008 - 17:46
  • Weening 63ste yn earste touretappe

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat him sneon yn de earste etappe fan de 95e Tour de France net echt sjen litten. Weening kaam yn de rit fan Brest nei Plumelec yn it peloton binnen op in 63e plak. De winst gie nei Valverde út Spanje.

Ein juny waard pas bekend dat Pieter Weening nei de Tour de France gie. Hy hat lang lest hân fan in blessuere oan syn knibbel, mar troch in sterk optreden yn de Dauphiné Liberé mocht Weening dochs mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)