Weening 59e yn Ronde fan Spanje

27 sep 2004 - 12:21

Pieter Weening fan De Harkema is yn it einklassemint fan de Ronde fan Spanje 59e wurden. Yn de lêste etappe, in tiidrit oer 28 kilometer, waard Weening 61e. De Spanjaard Roberto Heras wûn foar de tredde kear de Vuelta.

Heras einige yn dizze lêste tiidrit nei Madrid as fjirde, en dat wie dus genôch foar de einoerwinning. Syn lângenoat Santiago Perez waard twad yn it einklassemint. Pieter Weening docht 3 oktober mei oan it WK yn Verona, Italië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)