Weening 2e yn Gerkeskleaster

29 maaie 2008 - 22:28
  • Andries Weening (foto Martin de Jong)

Andries Weening fan De Harkema wie tongersdeitejûn mei in twadde plak de bêste Fries yn de Ronde fan Gerkeskleaster-Strobos. Nei 80 kilometer wie Wouter van Zanten fan Apeldoorn de rapste fan de sân man sterke kopgroep. Germ van der Burg fan Nijlân waard tredde. Bert Krans fan De Wylp fjirde en Frank Wierstra fan Burgum fiifde.

Gerkeskleaster is de earste wedstriid fan de Pompeblêd twadaagse. Dy wurdt freedtejûn yn De Harkema ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)