Weening 23e yn Baskelân

09 apr 2005 - 12:22

Pieter Weening is freed as 23e einige yn it klassemint fan 'e Ronde fan Baskelân. Yn de fyfde etappe oer 93 kilometer waard Weening 26e. De etappe waard wûn troch de Dútser Jens Voigt. Hy hie mear as in minút oer op de nûmer twa.

Yn de ôfslútende tiidrit waard Weening 24e. Dêrmei einige Weening as 23e yn it klassemint mei ien minút en 38 sekonden efterstân op de winner Danilo di Luca.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)