Weening 18de yn Tour de l'Avenir

11 sep 2003 - 00:00

Pieter Weening fan De Harkema klimt sa stadichoan yn it algemien klassemint fan 'e Tour de l'Avenir. Tongersdei yn 'e sande etappe yn Frankryk oer 173 kilometer waard hy 24ste mei in achterstân fan 48 tellen op de Frânske winner Christophe Edaleine.

Yn it algemien klassemint giet de Spanjaard Egoi Martinez oan de lieding. Pieter Weening stiet 18de op 6 minuten fan Martinez. De Tour de l'Avenir duorret noch oant en mei sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)