Weening 174e yn Ronde fan Spanje

11 sep 2004 - 15:56

Yn de sande etappe fan de Vuelta, de Ronde fan Spanje, waard hurdfytser Pieter Weening freed 174e. Pieter moast 4 minuten en 46 tellen tajaan op de Italiaanske winner Alessandro Petacchi. Dy wûn foar de tredde kear in etappe.

Yn it algemien klassemint sakke de ynwenner fan De Harkema nei it 112e plak op goed 21 minuten fan klassemintslieder Manuel Beltran (Spanje). Sneon wurdt in tiidrit oer 40 kilometer ferriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)