Weening 10e yn Ronde Poalen

28 jul 2013 - 14:10
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening is sneon tsiende wurden yn de earste etappe fan de Ronde fan Poalen. De earste twa ritten fan dy wedstriid binne berchetappes dy't yn Italië ferriden wurde. Weening ried in skoft allinnich op kop, mar waard op de lêste 3 kilometer fan de ein byriden. Dêrnei besocht er nochris fuort te kommen. Flak foar de streek waard de Fryske hurdfytser dochs noch ynrekkene. Hy einige úteinlik op it tsiende plak.

Snein is de twadde etappe fan de Ronde fan Poalen, ek in berchrit yn Italië. Moandei giet it fierder yn Poalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)