Weedplanten fûn yn Stiens

31 okt 2009 - 14:21

In man út Koarnjum is freedtemiddei yn Stiens betrape wylst er sekken weed yn syn auto oan it laden wie. Yn de laadromte fûn de plysje 296 ôfknipte planten. De man is oerbrocht nei it plysjeburo.

De plysje fûn yn de wenning dêr't de man syn auto foar stean hie, in himpkwekerij dy't net mear yn gebrûk wie. De weed en it kweekmateriaal is yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)