Wedstryd llargues op 'e nij

21 nov 2002 - 00:00

Fryslân spilet tongersdei yn de keats- fariant llargues tsjin Italië op it WK Keatsen yn Argentinië. De wedstryd wie woansdei al ferspile yn de stêd Diamantes mar telt net offisjeel mei.

Om't de baan net de offisjele ôfmjittingen hie, wurdt de wedstryd sjoen as demonstraasjepartij. Dat barde nei protest fan Frankryk, dat mei 4-0 fan Kolombia ferlear. It fjild wie rjocht ynstee fan trachterfoarmich. Tongersdei spylje se yn de stêd Paraná.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)