Wedstriidskema SKS moat oars

29 feb 2012 - 17:20

De rêstdei op freed yn it skûtsjesilen moat ferpleatst wurde nei de tiisdei. Op dy freed moat tenei syld wurde op it wetter by Ealahuzen. Dit plan wurdt sneon foarlein oan de SKS-skûtsjeskippers.

Foardiel is dat de skippers dan alle tiid om ha nei De Lemmer te farren. It útstel komt fan de skipper fan it skûtsje fan Earnewâld, Gerhard Pietersma. As der in wedstryd ynhelle wurde moat, soe dat moarns dien wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)