Wedstriid ûntwerp nije jiskewein

08 sep 2006 - 15:15

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel kinne in ûntwerp meitsje foar op de nije jiskewein fan de gemeente. Dy rydt op plantaardige oalje en is dêrmei miljeufreonlik. It winnende ûntwerp wurdt libbensgrut op beide kanten fan de jiskewein ôfbylde.

Tytsjerksteradiel sil flyers útdiele by buertsintra en skoallen om sa folle mooglik dielnimmers te krijen. Op 7 novimber wurdt de nije jiskewein presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)