Wedstriid staakt: "Sil ik dyn oare hân der ek ôf helje?"

11 apr 2016 - 16:12
  • Sybren Bosma op it fjild by WTOC tsjin Leovardia
  • WTOC - Leovardia
  • Sybren Bosma op it fjild by WTOC tsjin Leovardia

"KNVB recht je rug, laat zien dat de grote campagne 'Zonder Respect Geen Voetbal' ook daadwerkelijk wordt toegepast". Dat is it boadskip fan Alie Bosma fan De Trieme, nei oanlieding fan argewaasje yn de fuotbalwedstriid tusken WTOC (Aldwâld) en SC Leovardia (Ljouwert) fan ôfrûne sneon. 

In spiler fan SC Leovardia soe yn de wedstriid in ferfelende opmerking makke ha tsjin Sybren Bosma, har 19-jierrige soan. De wedstryd waard dêrtroch net útspile.

Hendikep

Bosma spilet by fuotbalklup WTOC, en hat in hendikep oan syn rjochter earm. Der mist in diel. Dêr gong de opmerking ek oer. "Hy sei: 'sil ik dyn oare hân der ek ôf helje?' 'Kleine gehandicapte', dat sei er ek noch. De emoasjes rûnen heech op. By de ploechgenoaten, mar ek by de supporters der omhinne. En myn broers wiene ek troch it lint hinne." 

"Dan wurdt it my swart foar de eagen. Dan kin ik mysels net mear yn bedwang hâlde" seit Bosma. De spilers fan WTOC binne massaal fan it fjild stapt. "De skiedsrjochter kaam noch by ús, om te freegjen oft we noch trochspylje woenen. Dat woenen wy dan sûnder dy jonge dwaan. Mar de trainer fan Leovardia woe him net wikselje."

Konsekwinsjes

De trainer fan it team fan SC Leovardia André Posthuma is net te sprekken oer it gedrach fan syn spiler: "Het is triest wat er is gebeurd. Ik heb er achteraf spijt van dat ik de speler niet eerder heb gewisseld." De klup sil noch mei it bestjoer yn petear oer de mooglike konsekwinsjes dy't de aksje hawwe kin foar de roppende spiler. De KNVB moat noch sjen oft de wedstriid op in oar momint útspile wurde kin.

It is net de earste kear dat de fuotballer fan WTOC te krijen hat mei misledigingen. It facebookberjocht hjiroer is yntusken al sa'n fjouwertûzen kear dield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)