Wedstriid SAR-helikopters

22 maaie 2009 - 11:33

De fleanbasis hâldt nije wike in kompetysje foar SAR-helikopters. Dat wurdt dien fanwege it 50-jierrich bestean fan it SAR-team. Oan de kompetysje dogge acht helikopters mei. Neist de Ljouwerter binne dat ûnder oare helikopters út Kanada, Slovenië en Noarwegen.

De kompetysje wurdt hâlden by it fleanfjild yn Drachten en boppe de haven fan Hylpen. Neist de kompetysje is der ek in reuny foar âld-meiwurkers fan de SAR.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)