Wedstriid Hearrenfean ôfblaasd

24 jul 2012 - 18:20
  • SC Hearrenfean

De oefenwedstriid fan Sportklup Hearrenfean tsjin FC Köln giet sneon net troch. Dat hat boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean besletten. De gemeente hie fan de plysje út Keulen te hearren krigen dat der in groep fan tûzen supporters nei It Fean komme soe. Hjirby soene ek 200 hooligans wêze, dy't fan doel wiene om de konfrontaasje te sykjen.

De wedstriid is no ferpleatst nei Keulen. Minsken dy't in kaartsje kocht hawwe krije fan SC Hearrenfean berjocht oer hoe't se harren jild werom krije kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)