Wedstriid foar Fryske blochs

18 maaie 2011 - 16:57

Tresoar hâldt in wedstriid foar it meast bysûndere Fryske bloch. Ek blochs yn in Fryske streektaal of stedstaal kinne meidwaan oan de wedstriid. Tresoar en It Fryske Boek freegje jongeren har bloch oer staazjes of in deiboek oan te melden.

In sjuery kiest in winner dy't in 500 euro wint. It doel fan de priisfraach is om it skriuwen en publisearjen fan Fryske teksten troch jongeren te befoarderjen. De priis wurdt yn de Moanne fan it Fryske Boek útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)