Wedstriid foar 10-jierrige Riepe

27 nov 2006 - 11:56

Om't strjitkrante De Riepe yn 2007 tsien jier bestiet, wurdt in ferhale- wedstriid holden. Fan 1 desimber oant mids april kinne minsken in ferhaal skriuwe mei as tema it libben op strjitte. In sjuery kiest út alle ynstjoerings alle moannen de bêste.

Ut de fiif bêste ferhalen wurdt de einwinner keazen. Dy krijt in gouden stoeptegel en in boekebon fan 100 euro. De prizen wurde takom jier simmer útrikt op in grut Riepefeest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)