Wedstriid enerzjybesparje

23 mrt 2006 - 18:32

Hokker fan de trije noardlike provinsjes kin it bêste enerzjy besparje? Dat wurdt de ynset fan in spesjale wedstriid organisearre troch de miljeufederaasjes fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Eltse provinsje moat ien wyk of doarp nominearre, dy't de striid oangean sil. In heal jier lang moatte 30 húshâldens út dy wyk besykje safolle mooglik enerzjy te besparjen yn gearwurking mei ûnder oare de enerzjybedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)