Wedstriid einiget yn slaanderij

19 feb 2001 - 10:52

De Flyers binne noch altyd yn de race foar in plak yn 'e play-offs. Sneon spilen de Feansters yn eigen hûs Den Bosch finaal fuort. De peroadestannen wiene 4-0, 1-0 en 5-1.

De wedstriid einige yn in massale fjochterij. Trije Bosschenaren en trije Feanster krige dêrfoar fikse tiidstraffen. De Flyers spylje snein yn en tsjin Amsterdam, woansdei is de return.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)