Wedstriid Boys en Snits útspylje

25 maaie 2004 - 00:00

De wedstriid tusken Harkemase Boys en Snits wurdt tongersdei útspile yn Nijskoat. De wedstriid yn Súdlaren waard ferline wike tongersdei flak foar de ein stillein. Supporters fan de Boys en WKE út Emmen fochten mei elkoar.

Yn Nijskoat wurde de lêste trije minuten útspile. As der gjin doelpunt makke wurdt, wurdt de wedstriid mei twa kear fiif minuten ferlingd. Eventueel folgje der penalty's. De wedstriid is tagonklik foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)