Wedstriden net op ien dei

28 sep 2012 - 12:19

De beide wedstriden om de KNVB-beker yn Snits wurde net op deselde jûn spile. De kompetysjelieder fan de KNVB Harrie Been hat dat de gemeente Súdwest-Fryslân tasein. Justerjûn waard bekend dat Ajax en AZ nei Snits komme. Yn de tredde ronde om de striid om de KNVB-beker krijt ONS Boso Snits lânskampioen Ajax op besite. Snits Wyt Swart Boso Snits moat it opnimme tsjin AZ.

Boargemaster Apotheker is út de skroeven. Bettere reklame foar stêd en gemeente is der net. It is in moaie opstekker foar it fuotbal yn Snits, tinkt de boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)