Wedstriden Hearrenfean ferskood

07 okt 2004 - 09:39

De KNVB hat twa duels fan SC Heerenveen ferskood. De wedstriid Hearrenfean - FC Utrecht is ferpleatst fan sneon 23 nei snein 24 oktober. It duel Hearrenfean - Feyenoord giet fan sneon 27 nei snein 28 novimber.

De data fan de beide wedstriden wurde feroare om't It Fean de tongersdeis der foar yn de UEFA Beker spylje moat. Op 21 oktober nimme de Feansters it yn Portugal op tsjin Benfica en 25 novimber spylje se thús tsjin Stuttgart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)