Wedstriden Cambuur en Hearrenfean op Omropradio te folgjen

16 aug 2015 - 11:10
  • Simon Thern hat krekt de 3-0 makke

Cambuurtrainer Henk de Jong hopet snein op massale stipe fan de supporters by de wedstriid tsjin Feyenoord. De Rotterdamske klup hat op papier bettere kânsen, hielendal no't Cambuur lêsten syn oanfierder kwytrekke is oan FC Grins. Calvin Mac-Intosh hie in blessuere, mar is op tiid fit.

Ek SC Hearrenfean spilet snein. Nei winst op De Graafschap ferline wike hopet de trainer wer op goed resultaat. Hy stelt deselde spilers op tsjin FC Utrecht.

De wedstriden begjinne 14.30 oere. Omrop Fryslân docht live ferslach op de radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)