Website Fryske biblioteken

03 des 2007 - 17:19

De Fryske biblioteken begjinne freed mei de webside www.ontdekdebieb.nl. Doel fan de webside is om de produkten en tsjinsten fan de biblioteek ûnder de oandacht te bringen by in sa grut mooglik publyk.

De biblioteek hat nammentlik in hiele protte ynformaasje dy't net bekend is by minsken. Om de nije webside ûnder de oandacht te bringen wurdt yn hiel Fryslân in aksjekrante hûs-oan-hûs besoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)