"Websiden net goed genôch"

23 okt 2008 - 09:55

In grut part fan de ûndernimmers yn Noard-Nederlân is min te sprekken oer de webside fan harren bedriuw. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Hanzehogeschool yn Grins nei de websiden fan ûndernimmers yn it MKB.

Neffens it ûndersyk litte ûndernimmers in soad kânsen lizze trochdat se de mooglikheden fan ynternet net goed genôch brûke. Sa soene se wol witte dat se troch ynternetmarketing mear ferkeapje kinne, mar dêr is de website dan faak net op ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)