Websiden gemeenten net lek

09 okt 2011 - 16:04

De websiden fan de gemeenten Lemsterlân en Littenseradiel binne wol feilich. De gemeenten stean ûnterjochte op in list mei websiden dy't lek binne. GeenStijl en Webwereld makken dy list sneon bekend.

De ICT-ôfdielings fan de twa Fryske gemeenten hawwe daliks ûndersyk dien. Bliken docht no dat it giet om de âlde websiden dy't net mear brûkt wurde. Neffens in wurdfierder fan de gemeente Littenseradiel koe nimmen by gefoelige ynformaasje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)