Webside vrijfijn.nl sukses

18 mrt 2013 - 14:36
  • Website vrijfijn.nl

De webside foar jongerein mei problemen op seksueel mêd yn Noard-Nederlân blykt in grut sukses te wêzen. Sûnt de oprjochting fan vrijfijn.nl in moanne lyn hawwe al sa'n 4000 jongeren in besite brocht oan de webside. Yntusken ha 170 manlju en froulju har ynskreaun en binne hûndert ûnder behanneling. De help dy't oanbean wurdt is fergees en anonym.

De problemen dêr't de measte jonges mei sitte is dat se te gau klearkomme. By famkes is dat it frijen sear docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)