Webside tsjin weryndieling

29 des 2007 - 12:35
  • op de side stiet ynformaasje oer de weryndieling

De webside www.herindelingnee.nl moat de gemeentlike weryndieling yn Fryslân opkeare. Weryndielings binne net nedich, sa stiet te lêzen op de side. Se dogge sels mear kwea as goed.

Ut in enkête docht bliken dat in soad minsken net goed witte wat se derfan tinke moatte. Yn 'e parse komme faak foarfjochters foar weryndieling oan it wurd. Dus is it publyk net op 'e hichte fan 'e neidielen. Dy steane op de webside te lêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)