Webside oer weryndieling

07 des 2008 - 11:22
  • Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Boalsert en Nijefurd wolle fusearje

Ynwenners fan de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke dy't fusearje sille, kinne ynkoarten har miening jaan oer de plannen. Tiisdei oer in wike prate de gemeenten oer hoe't de fúzje krekt yn syn wurk gean sil. In dei letter komt der ek in webside mei ynformaasje. Minsken kinne dêr mear te witten komme oer hoe't se ha miening kenber meitsje kinne.

Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Boalsert en Nijefurd wolle yn 2011 mei elkoar fusearre wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)