'Webside oer stasjonsbrêge'

14 apr 2013 - 17:31
  • Stasjonsbrêge Frjentsjer

Bedriuwen yn de gemeente Frjentsjerteradiel moatte earder te hearren krije wannear't de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer ticht is. Dat fynt de fraksje fan it CDA yn dy gemeente.

Neffens de partij moatte bedriuwen no faak út de krante fernimme dat se net oer- of troch de brêge kinne. It soe in protte tiid skele as se hjir earder fan op 'e hichte binne. It foarstel fan it CDA is dat op de webside fan de gemeente in spesjale pagina komt mei ynformaasje hjiroer foar bedriuwen. De fraksje sil hjir by it kolleezje op oantrune.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)