Webside oer nije wyk Frjentsjer

19 nov 2006 - 13:20

De gemeente Frjentsjerteradiel hat in webside makke oer de te bouwen wenwyk Frjentsjer-Súd. Op de side stiet in grut ferskaat oan ynformaasje oer de wyk en Frjentsjer sels. Yn it plan Frjentsjer-Súd wurde oant 2010 625 wenten boud.

Mei de earste faze wurdt meikoarten út ein set. Dêryn wurde sa'n 300 huzen boud. Begjin takom jier wurdt begûn mei it bouryp meitsjen fan de grûn. Yn de hjerst wurdt dan begûn mei de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)