Webside oer kwaliteit grûn

10 des 2009 - 20:19

De kwaliteit fan de Fryske grûn is werom te finen op ynternet. De provinsje hat in spesjale webside oanmakke, www.bodemloket.nl. Dêrmei is Fryslân de earste provinsje yn Nederlân dy't sa'n webside beskikber hat. De provinsje wurket gear mei de Fryske gemeenten dy't allegear ien grûnynformaasjesysteem brûke sille.

Takom jier sette ek advysburo's de gegevens oer de kwaliteit fan de grûn yn it systeem. De ynformaasje wurdt ien kear yn 'e trije moannen fernijd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)