Webside oer enerzjybesparring

11 okt 2005 - 15:53

De noardlike miljeufederaasjes hawwe tiisdei in webside lansearre om sjen te litten hoe oantreklik it is om enerzjy, en dêrmei jild, te besparjen. De ynternetside energiebesparendoeikzo.nl is bedoeld foar de ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte.

Sa is it neffens de side bygelyks handich om kompjûters en televyzjes net op standby stean te litten en wurdt it gebrûk fan sparlampen oanrikkemindearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)