Webside Keramykmuseum Princessehof no ek yn it Sineesk

24 apr 2015 - 17:27
  • Webside Keramykmuseum Prinsessehof yn it Sineesk

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat in part fan har webside oerset yn it Sineesk. Dêrmei wol it museum de Sineeske topstikken mear bekendheid jaan yn it lân fan herkomst. Op de webside stean ûnder oaren in seldsum Ru-pinsielbakje út de 12e ieu, in Mink drakefaas en in grêfmonumint fan acht dielen. It Keramykmuseum hopet mei de webside ek mear Sineeske toeristen nei it museum sels te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)