Webside heitenmem.nl populêr

14 mrt 2011 - 10:35

De webside Heit en Mem.nl fan de Afûk is in grut súkses. Yn in jier tiid ha 100.000 heiten en memmen de side besocht. De twatalige webside is in jier lyn online gien om de twatalichheid ûnder Fryske bern te fergrutsjen.

Foaral de Fryske bernenammen en gedichten foar op de bertekaartsjes binne populêr. Mar ek de ynformaasje oer twatalich grutbringen wurdt goed besjoen. De fergese papieren útjefte fan Heit en Mem rint ek goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)