Webside foar stipe plan spesjalisten De Sionsberg

28 nov 2014 - 22:37
  • Webside Behoud de Sionsberg

Medysk spesjalisten fan De Sionsberg binne op ynternet in aksje begûn om stipe te krijen foar harren plan om troch te gean mei it sikehûs. Se lizze út wat it plan ynhâld op www.mcsionsberg.nl. Neffens de spesjalisten moat der yn elts gefal sprake wêze fan spoedeaskjende help, moderne polykliniken, húsdokterbêden, revalidaasje en lytse operaasjes. De spesjalisten lizze harren plan nije wike foar oan soarchfersekerder De Friesland.

Oan in petear mei de kuratoaren ha se in 'goed gefoel' oerhâlden. De spesjalisten fine it bysûnder dat soarchgroep Pasana harren plan negatyf beoardiele wylst dy organisaasje sels fallyt gien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)