Webside foar nei de dea

15 mrt 2013 - 16:48
  • Website Saferr.nl

Freedtemiddei is yn Snits de webside Saferr.nl lansearre. De side jout minsken de mooglikheid om winsken foar de eigen begraffenis op te slaan. Oprjochtster Maaike Goeman hopet mei it inisjatyf in leechdrompelige wize fûn te hawwen foar minsken om har eigen begraffenis te regeljen.

Neffens Goeman is dat in wichtige stipe foar neibesteanden. Dy witte no by in ûnferwachte dea faak net wat se krekt dwaan moatte. Op de side kinne ek ferhalen of oare soarte fan werinnerings efterlitten wurde.

De tagong op de webside is foar eltsenien fergees. Foar minsken dy't harren winsken op in offisjelere wize fêstlizze wolle is der, yn gearwurking mei in notaris, ek in betelle diel beskikber. Goeman kaam op it idee foar de side neidat se yn har eigen libben ferskate kearen yn oanrekking kaam mei de dea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)