Webside foar Johannes Kramer

17 mrt 2003 - 00:00

Der is in webside yn it libben roppen foar FNP-listlûker Johannes Kramer. Ynternetters kinne op de side oanjaan oft se fine dat de krante Trouw 'flau' is. De krante soe in opmerking fan Kramer oer it wiis wêzen mei in blanke befolking yn Fryslân ferkeard sitearre hawwe.

Op de side kin oanjûn wurde oft men fynt dat Kramer syn wurden ferdraaid binne. Boppedat kin in persoanlik boadskip foar him achterlitten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)