Webside foar Fryske hotels

09 okt 2013 - 18:34
  • www

It toerismeburo Friesland Holland út Wolvegea hat in webside oprjochte oer Fryske hotels. Se dogge dit yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd.

Neffens it buro nimt de ynteresse yn hotels en bêd en brochjes bot ta troch dizze útferkiezing. De hotelwebside is der yn fjouwer talen: njonken it Nederlânsk ek yn it Dútsk, Ingelsk en Frânsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)