Webside fan projekt oer Fryske terpen stiet online

28 maaie 2015 - 21:25

It platform fan it projekt "Terpen- en Wierdenland, een verhaal in ontwikkeling" is online. Op dizze webside kinne wittenskippers en boargers meihelpe om de skiednis fan seis terpen yn Fryslân en Grinslân boppe wetter te heljen.

It giet yn Fryslân om de terpen by Winaam, Furdgum en Hallum. Mei oan de hân fan de ynformaasje dy't oanlevere wurdt, wurde de terpen ek opknapt. It Waadfûns hat goed 2 miljoen euro útlutsen foar dit projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)