Webside basisskoalle mei porno derop út de loft helle

12 aug 2015 - 08:15
  • www

De âlde webside fan in basisskoalle yn Geldrop is út de loft helle. In ynternetbedriuwke fan in 24-jierrige man út Ljouwert hie de webside oernaam en sette der seksfilmkes op. De skoalle yn Geldrop hat sûnt 2013 in nije namme en hie dêrom de webside opsein. Mar dochs waard de webside noch faak besocht troch âlden en minsken dy't de skoalle sochten.

De skoalle kaam yn juny achter de nije ynhâld en wie hjir bot fan skrokken. Mei juridyske stappen besocht it de webside út de loft te heljen. Dat is no slagge, meldt Omroep Brabant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)