Webcams yn trouseal Hearrenfean

04 maaie 2004 - 00:00

Trouwerijen op It Hearrenfean binne yn de takomst op ynternet te folgjen. Yn de trouseal komme fjouwer web-cams. De gemeente wol de serviceferliening oan de boarger ferheegje. Famlyjeleden út it bûtenlân kinne sa de plechtichheid ek folgje.

Pearkes kinne oanjaan at se net wolle at har houlik te sjen is. It projekt kostet 25.000 euro. Mooglik wurde gemeenteriedsgearkomsten op dizze wize útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)