Webcam yn Sigerswâld

17 mrt 2009 - 16:54

Op it nije saneamde shared space-plein fan Sigerswâld komt in webcam te stean. De bylden dy´t de kamera makket, sille brûkt wurde foar ûndersyk nei it ferkearsgedrach op de fernijde krusing fan de Klauwertswei, Binnenwei en Foarwurk. De kamerabylden kinne ek besjoen wurde op de website fan de gemeente Opsterlân.

Omwenners hawwe gjin beswier tsjin it pleatsen fan de webcam. De bylden binne net te werlieden ta persoanen en opnamen wurde net bewarrre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)