Weardebonnen foar earme gesinnen yn Eaststellingwerf

21 okt 2015 - 15:29

De gemeente Eaststellingwerf sil op 'e nij in bonne-aksje hâlde foar gesinnen dy't it net rom hawwe. Dizze gesinnen krije ynkoarten foar elk bern dat sy hawwe in bon mei in wearde fan 75 euro. De bonnen binne te besteegjen yn winkels yn de doarpen Appelskea, Easterwâlde en Haulerwyk.

Sadwaande kinne de âlden de bonnen tichtby hûs omruilje foar ûnder oare klean en skuon foar de bern. De bonnen binne jildich fan 1 novimber oant en mei 1 maaie takom jier.

Ferline jier krigen ek in soad gesinnen dizze spesjale klean- en skuonweardebonnen. Neffens de gemeente wie dit doe in grut súkses.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)