Weardebon foar mantelsoargers

26 maaie 2009 - 17:12

Mantelsoargers yn Súdwest-Fryslân krije in weardebon fan 150 euro fan har gemeente. It ministearje fan Folkssûnens hat de gemeenten jild jûn om de mantelsoargers te stypjen.

Minsken dy't yn 2008 of 2009 mear as acht oeren yn de wike de soarch hân ha foar in neiste krije de weardebon. Op dy wize wolle de gemeenten har wurdearring toane foar de mantelsoargers. Wa't yn de beneaming komme wol foar de weardebon moat dat oanfreegje by de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)