Weachhalzen rêden út Iselmar

18 maaie 2001 - 00:00

In heit en in soan binne tongersdeitenacht mei ûnderkuollingsferskynsels nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht. Harren iepen boatsje wie op 'e Iselmar by Makkum omslein by in stive súdwester.

Fiif reddingsboaten en twa helikopters sochten nei de beide Wytmarsumers. Nei twa oeren waarden se fûn op in eilantsje by de Noardwaard. De manlju seine dat se 'fan 'e golven genietsje woene'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)