WB-sulver foar Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting

12 des 2015 - 10:19
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt hat sneon sulver helle op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai. De Kanadees Charles Hamelin waard earste. Ferline wike wûn Knegt noch it goud op dizze ôfstân by wedstriden yn it Japanske Nagoya. Knegt helle de finale nei oertsjûgjende oerwinnings yn de searjes en de heale finale.

Suzanne Schulting helle foar de earste kear in wrâldbekermedalje. Op de 1000 meter waard se yn in bizarre race mei in protte falpartijen twadde achter Valerie Maltais fan Kanada.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)