Watze van der Wal is earste Mastergoudsmid fan Fryslân

16 sep 2015 - 19:50

Watze van der Wal fan De Jouwer mei him as earste fan Fryslân in Mastergoudsmid neame. Dy titel kinne goudsmidden allinne krije as se mear as tsien jier as goudsmid by it gilde binne, techniken fan hege kwaliteit kinne en ree binne dizze te dielen mei nije smidden.

Hy hie al ris earder besocht de titel te krijen. No koe er de kommisje oertsjûgje mei in bysûndere technyk. Hy makke in ring fan 'mokume-gane'. Mei dy technyk makken de âlde Samoerai har swurden ek. It soarget foar in houtnerfstruktuer yn it metaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)