Waterstad FM nei 93.2 FM

27 maaie 2003 - 00:00

De Snitser radiostjoerder Waterstad FM ferhuzet woansdei nei in nije frekwinsje. Dy hat de stjoerder moandei tawiisd krigen by de lanlike feiling fan eterfrewinsjes. Waterstad FM komt no op 93.2 FM. Dat is it âlde plak fan de populêre stjoerder Radio 538.

Waterstad FM tinkt dat dat mear harkers opsmite sil. De stjoerder ferwachtet it bedrach dat betelle is foar de frekwinsje, mei hegere ynkomsten út reklame werom te fertsjinjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)