Waterpoort Boys lulk op KNVB

16 okt 2009 - 12:04

Fuotbalklup Waterpoort Boys fan Snits is poer op de KNVB. De klup moat in boete betelje en krijt in punt yn mindering omdat se de wedstiid tsjin Dolsterhuzen net útspile hawwe. In spiler fan de Boys, Jan Vlap, rekke sa swier blesseard dat er nei it sikehûs moast. De Snitsers wiene der sa ôf dat se net trochspylje woene.

Nei oerlis mei de skiedsrjochter en Dolsterhuzen waard besletten de wedstriid te staken. Mar dy beslissing wurdt no in djoer grapke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)